Ynfo KV
Maart 2008
Fan de foarsitter,
Keatsen yn Fryslân en Wommels yn 2008!
Wommels is en bliuwt in keatsdoarp, ek al komme der tal fan sporten by.
Wa’t yn it seizoen de jeugdkommisje dwaande sjocht mei de jeugd op it keatsfjild, kin dit be-ame. Minder sichtber binne de trainingen yn de sporthal of yn de gymseal bûten it seizoen.
De jeugdkommisje is in ûnmisbare skeakel yn it gehiel en hat har saakjes goed regele! Sa binne der meastentiids diplomearde trainers oan de slach en is alles goed organisearre.
Keatsen is by útstek in sport fyn ik, dy’t bydrage kin oan de persoanlike ûntjowing; je binne mei syn trijen in partoer en je kinne je net maklik ferskûlje efter oaren. Tagelyk binne der in protte momenten dy’t belangryk en spannend binne. Positieve begelieding en bejegening fan de bern troch eltsenien dy’t der by belutsen is, jout in protte selsbetrouwen.
De akkommodaasje sit noch yn de boufase, mar sil foar dat it keatsseizoen begjint klear wêze, as alles neffens de planning ferrint. De exploitaasje sille we no as ferieniging sels dwaan. Hjirfoar ha we noch wol wat mear frijwilligers nedich, mar as ik sjoch hoe de ferbou ferrint mei in protte help fan minsken dy’t dat allegearre yn harren frije tiid dogge, komt dat ek wol klear!
As it gebou der straks stiet, fan binnen en bûten wer hielendal fan dizze tiid, hat dat in positive útstrieling op it keatsen en de omjowing.
Dit jier binne der trije wikselingen yn it bestjoer: Jeannet Bos - de Boer is mem wurden en jout de opslach oer, en ek Appie Posthumus en Sjoerd Postma ha harren perioade der op sitten. Allegearre tige tank foar jim ynset en goede wurk foar de K.F. Wommels!!
Tagelyk wolkom oan trije nije kandidaten: Sybren Hoekstra, Johan de Graaf en Anske Stapersma.
Ek binne we tige wiis mei fiif nije Wommelser sponsors foar de Freule: Wietse Ligthart, Hubo, Accelent, Tsjisse Bouma en Gerbrandy!
Wommels wurd faak posityf yn ien adem neamd mei de Freule en ek oarsom en dat wolle we graach sa hâlde. It is moai dat oaren dat ek fine en dat stypje wolle!
De KNKB is drok dwaande mei it mearjierrenbeliedsplan fan 2009 oant 2013. Hja moatte in koers útsette, oars wurd it swalkjen. Om it keatsen oantreklik te hâlden sille we net altyd alles by it âlde litte kinne.
Der wurdt ynset op trije haadûnderwerpen:
- Vergroten van de marktpositie van het kaatsen en de KNKB.
- Verbetering van de technische ontwikkeling van de kaatssport.
- Versterking van de bondsorganisatie.
De reade tried bliuwt de “kick” fan it spultsje. As jo sjogge mei hoefolle nocht en wille de senioarengroep yn it seisoen op moandei keatst en winterdeis yn de seal, dan is dat prachtich!
De keatserij ek as binende faktor en as ynspiraasjebron fan wille en fertier.
Dat is it útgongspunt en talint (sawol jonges as famkes) moat de mooglikheid krije om te skitterjen op bygelyks KNKB-partijen, FREULES en PC’s!!!
Een korte inleiding in het Nederlands voor nieuwe inwoners van Wommels e.o, en voor diegene die het Fries niet kunnen lezen . Mocht U het nog niet weten: Wommels is een echt kaatsdorp. In 1692 werd er in kerkelijke boeken al geschreven over een kaatsbaan.
Meer dan honderd jaar geleden sponsorde een Freule de prijzen voor een jongens kaatspartij omdat er in die tijd veel armoede was en weinig te beleven viel voor de jeugd.
Deze wedstrijd ( de Freulepartij) wordt nog ieder jaar gespeeld en vormt het hoogtepunt voor de kaatsvereniging en voor Wommels. Een mix van jeugd, strijd, sportiviteit en gezelligheid trekt ieder jaar weer vele duizenden naar ons dorp.
Als je de spelregels niet kent is het minder aantrekkelijk natuurlijk en daarom nodig ik U uit om eens langs te komen tijdens een van de vele activiteiten op het kaatsveld.
We hebben er wel een A4’tje met spelregels liggen en er is altijd wel iemand die tekst en uitleg wil geven.
Wie in Wommels woont; Kan de bal verwachten!
Pier Zijlstra