(19-02)
Freed 24 februari fan 16 oant 18 oere yn de kantine.
Om de keatsstamtafel.
De foarige kear is oankondige dat we ris in kear eamelje en serieus prate soene oer ús moaie keatssport. Under it genot fan in bakje kofje en by wize fan sprekken mei de fuotten op tafel.
Set wat leafhawwers byellkoar en jo hawwe praat. Dat kin û.o sterke ferhalen ut it ferline wêze, de nap, technyk, taktyk, ús kluppie of bygelyks de takomst.
Ien fan de bestjoersleden wie der al bang foar dat der te folle nije ideeën nei foaren komme soenen, wylst we al safolle op priemmen ha.
We sitte der allegearre gewoan as leden en as leafhawwer. Bining en gesellichheid is it kredo.
Mocht der gjin animo foar wêze dan bliuwt it gewoan by dizze iene kear.
Om 16 oere begjinne we ûnder it genot fan in bakje en wa’t letter dan noch wat oars drinke wol, is dat foar eigen rekken.
Om 18 oere slute we de saak! Ik bin benijd.
Pier Zijlstra.