Lêste Nijs




Nei oersicht »

Nijs fan de foarsitter

(19-02)

Nije foarsitter fan de KFW

We hawwe it winterskoft ferskate persoanen polst om te freegjen oft it foarsitterskip wat foar har wie.

De iene wol it rêstiger oan dwaan, de oare fynt him sels net kapabel genôch of hat te min mei it keatsen of hat it noch te drok mei oare saken. It tichtste by komme in pear kandidaten dy’t it no noch te gau fine yn ferbân mei stúdzje, gesin en/of wurk, mar yn de takomst der wol foar iepen stean.

Wiebe Wieling sei dat âlvestêdentocht foarsitter de moaiste baan fan Nederlân is, mar my tinkt dy fan de keatsferieniging fan Wommels heart dochs ek by de top-tsien.

Anske Stapersma, ús hjoeddeistige ponghâlder, hat earder foarsitter west fan in fuotbalklub en sei it noch wolris besykje te wollen by dy moaie klub út Wommels.

Hy sil, foar safier it nedich is, himsels noch foarstelle.

It hâldt fansels wol yn dat we noch in finansjele man/frou nedich ha. As der immen is dy’t aspiraasje hat dan kin dy him oanmelde en hy/sy kin rekkenje op stipe, as dat nedich is, fan de fan de âld-ponghâlder.

Op tongersdei 22 maart ha wy ús foarjiersgearkomste en dan moat alles syn beslach krije!

Pier Zijlstra.



Hiele aginda
Mear nijs