(29-01)
Freedtejûn hat it “startskot” klonken foar keatsskoalle “De Greidhoeke”. Yn in grôtfolle kantine mei bern, âlders, trainers, bûnscoach en oare belangstellenden, lieten Jappie Wynia en Wichard Deinum witte dat it no echt “hinne” giet.
Jappie fertelde oer de doelstelling, de wurkwiize, sponsering en oare saken dy’t wichtich binne en stelde de trainers en meiwurkers foar.
Undertekene fertelde as foarsitter fan de keatsferiening Wommels dat it bestjoer fan herte efter sokke entûsjaste en ûndernimmende kf leden stiet. Eigen klub en jeugdkommisje stean op nûmer ien fansels, mar we kinne elkoar fersterkje en yn ús beleving is it keatsen de winner.
Kommunikaasje is krekt as by in protte oare saken tige wichtich. De K.F. Wommels fasiliteart fjild en materialen.
De bûnscoach Tjalling v/d Berg droech ek op de syn bekende entûsjaste wize by oan it gehiel. Hy beneidrukte de wichtige rol fan de âlders en syn adfys wie om de training en coaching oars te dwaan as in oar.(oars binne je altyd twadde!) In goed begelate/ oplieden sportman/frou hat syn hiele libben profyt fan syn ynspanningen.
“Topfysio” is foar fiif jier de haadsponsor. Wietske v/d Meulen hold in moai bernefreonlik ferhaal. Hja ha nêst festigingen yn Ljouwert, Snits en it Hearrenfean ek in praktyk by sportskoalle Akkermans yn Wommels. Hja wiene kontent mei dit entûsjaste inisjatyf wer’t de jeugd en it keatsen better fan wurde.
Alle oanwêzigen krigen in stikje oranjekoeke mei it logo fan de keatskoalle der op. Dit waard sponsere troch Bakkerij Posthuma. Alle dielnimmende bern krigen in shirt en in sweater útrikt. De earste twitterberjochten jouwe oan dat de dielnimmers der tige sin oan ha en dat it wachtsjen oant de earste training (te) lang duorret!
Pier Zijlstra