Nei oersicht »
(29-12)
Alhoewol keatsskoalle “De Greidhoeke” ûnder de flagge fan de keatsferieniging opereart, is it alhielendal in partikulier inisjatyf. Jappie Wijnia en Wichard Deinum bestiere dit nije fenomeen alhiel sels en stiet it yn dy sin hielendal los fan de keatsferieningWommels.
Der wienen in pear misferstannen oangeande de wintertrainingen.
Om fersekeringstechnyske saken en it fasilitearen fan aksjes ha we meielkoar besletten om dizze skoalle ûnder de flagge fan de KFW nei bûten te bringen.
Wy fine it moai dat inkele entûsjaste leden inisjativen ha dy’t bydrage oan it promoten en stimulearjen fan it keatsen en de sport yn it algemien.
De keatsferieniging hâldt deselde aktiviteiten dy’t hja altyd al hiene en we stribje der nei om dit elts jier te ferbetterjen.
Foar de wintertrainingen fan de KFW kin de jeugd har no wer opjaan!
De wintertrainingen foar de keatsskoalle stean hjir dus hielendal los fan.
In bytsje konkurrinsje hâldt eltsenien skerp.
Pier Zijlstra